Jan Jacob Rochussen
Jan Jacob Rochussen (Etten, 23 oktober 1797 – Den Haach, 21 jannewaris 1871) wie in Nederlânsk politikus. Hy wie in typyske fertsjintwurdiger fan it Amsterdamske hannelsfermidden, dy't sawol ûnder Willem II as Willem III minister wie. Yn 1843 ién fan de earste ministers dy't troch de Twadde Keamer twongen waard om ôf te treden. As Gûverneur-Generaal fan Nederlânsk-Ynje wie er yn de jierren 1845-1851 warber by it ûnder Nederlânsk bewâld bringen fan de bûtengoaen. Yn 1858 wie er kabinetslieder en minister fan Koloanjen yn it Kabinet-Rochussen. Syn konservative koloniale belied fûn net folle oanklang en hat laat ta syn delfal.