Jan Miense Molenaer

Jan Miense Molenaer (Haarlim, om 1610 hinne - dêre, 15 septimber 1668) wie in Nederlânske keunstskilder út de Barokperioade.

Jan Miense Molenaer
keunstner
Selsportret, 1640
Selsportret, 1640
persoanlike bysûnderheden
berne 1610
berteplak Haarlim
stoarn 15 septimber 1668
stjerplak Haarlim
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
streaming Hollânske skoalle

Hy ferhuze yn 1636 nei Amsterdam mei syn frou, Judith Leyster (mei wa 't er op 1 juny 1636 troude), dy 't ek skildere. De skilderstilen fan it pear oerlapen inoar, en it is somtiden dreech om it wurk fan de twa útinoar te hâlden. Molenaer skildere foaral sjenrestikken, portretten en inkelde religieuze tafrielen. Algemien wurdt oannommen dat it talint fan Leyster grutter wie as dat fan Molenaer. Sawol Molenaer as Leyster wiene mooglik learlingen fan Frans Hals.

Yn Amsterdam waarden fjouwer fan harren fiif bern berne: Johannes (1637), Jacobus (1639), Helena (1643) en Eva (1646). Yn 1648 ferhuzen se wer nei Haarlim, dêr 't har lêste bern berne waard (Constantijn, 1650). Yn Haarlim hie Jan Miense Molenaer in atelier mei inkelde learlingen. Hy wie aktyf yn de keunsthannel en ek yn de huzemerk. It pear hie in pleats (hofstede) yn Heemstede, mei in wearde fan 8.200 gûne.

Yn 1659 waarden Jan en syn frou beide siik. Jan Miense Molenaer waard better, mar Judith Leyster ferstoar trije moannen letter. Noch foar de dea fan Leyster hiene Jan en syn frou de pleats yn harren testamint sette litten.

Ier yn syn karriêre hie er in styl dy 't ticht oanhong by dy fan Hals, mar letter ûntwikkele er in styl sa as dy fan de Nederlânske sjenreskilder Adriaen van Ostade. [1]

Jan Miense Molenaer wie oan it begjin fan de 17e iuw tegearre mei Adriaen Brouwer en Adriaen van Ostade wichtich yn de ûntwikkeling fan de sjenrekeunst yn Haarlim. [2] Ferlike mei Brouwer en Van Ostade is it wurk fan Miense Molenaer komysker.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: