Jan Oppedijk

Jan Oppedijk (Drylts, 28 novimber 189229 juny 1985) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.

Jan Oppedijk
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
echte namme Jan Oppedijk
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 28 novimber 1892
berteplak Drylts
stjerdatum 29 juny 1985
stjerplak Drylts
partij CHU
boargemaster fan Drylts
amtsperioade 1947 - 1957
foargonger Herman Langman
opfolger Johan Cavaljé

Hy wie in soan fan Jan Oppedijk (1860-1944) en Eelk Tjebbes (1866-1927). Syn heit hie in houthannelbedriuw. Hy studearre Yndysk Rjocht oan de Ryksuniversiteit Leien, wêrnei't er yn 1922 ôfreizge nei Nederlânsk-Ynje. Oppedijk wurke dêr by de rjochterlike macht en brocht it ta residinsje-rjochter fan Batavia. Hy siet mei syn oarehelte fan 1942 ôf in jiermannich yn in Jappekamp. Nei de befrijing kamen beide werom nei Nederlân dêr't er yn 1947 beneamd waard ta boargemaster fan de gemeente Drylts. Tsien jier letter gie er mei pinsjoen.

Oppedijk ferstoar yn 1985 yn de âldens fan 92 jier.