Jan Paardekoper
Jan Paardekoper (Poarmerein, 10 oktober 1875 - Ljouwert, 14 febrewaris 1931 wie in Frysk komponist, dirigint en pianist fan Nederlânsk komôf.
Paardekoper rjochte yn 1915 as dirigint fan it Stedsorkest it Symfony-Orkest Ljouwert (S.O.L.) op en late oriatoariumferiening 'Concordia' en de Straatzangers. Hy joech ek tal fan oargelkonserten.
Paardekoper komponearre wurken foar oargel en koarlieten. De kantates Laatste zonnestraal en Lentenachtfantasie wiene yn rûnten fan amateurkoren frijwat bekend.
Paardekoper syn bibleteek wie de basis fan de muzykôfdieling fan de Iepenbiere Lêsseal fan Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Paardekoper, Jan. |