Jan Saegman
Jan Hendriks Saegman (Ljouwert, doopt 26 jannewaris 1648 – Jorwert, tusken 1728 en 1730) wie in Fryske sulversmid.
Libben en wurk
bewurkje seksjeSaagman waard nei alle wierskyn yn syn bertestêd Ljouwert oplaat ta sulversmid. Yn 1672 waard er mastersulversmid yn Starum. Tsien jier letter troude er mei Antje Hendriks de Lange. By gelegenheid fan har fyfjierrich houlik makke Saagman in beker mei de ynskripsje ‘Ian Zaagman en Annatie Hendrickx A° 1687’.[1] Dy beker sit yn de kolleksje fan it Frysk Museum. It Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam hat in ferlykbere beker, dy't er yn 1693 makke fanwege de Sweedske en Fryske eigeners fan ‘’t schip thuys Carlbergh’. Yn 1713 ferhuze it pear Saagman nei Jorwert. Saagman stoar dêr foar 1730. Dat jier wurdt syn widdo neamd as eigener fan it hûs dat Saagman yn 1728 kocht.
Der is datearre wurk fan Saagman fan de jierren 1672 oant 1694 bekend.
Saagman wie fan 1686 oant 1719 ek boargemaster fan Starum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|