Jan Schouten (glêsskilder)
Johannes Lourens (Jan) Schouten (Gouwsluis, 12 desimber 1852 - Delft, 4 augustus 1937) wie in Nederlânske yngenieur, glêsskilder en samler fan âldhollânske tegels.
Jan Schouten | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 12 desimber 1852 | |
stoarn | 4 augustus 1937 | |
wurkpaad | ||
wurksum as | glêsskilder | |
jierren aktyf | 1867–1937 | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Schouten waard yn 1852 yn Gouwsluis by Alphen aan den Rijn berne as soan fan de mêstmakker Gotlieb Cornelis Schouten en Sophia Charlotte Hoos. Nei syn middelbereskoaloplieding studearre er oan 'e Polytechnyske Skoalle te Delft. Efterinoar helle er yn 1882 it diploma sivielkundich yngenieur en yn 1885 boukundich yngenieur. Syn belangstelling foar de glêsskilderkeunst ûntstie troch de dosinten Eugen Gugel en Adolf le Comte oan de polytechnyske skoalle. Yn 1889 stichte Schouten in eigen glêsatelier oan de Schoolstraat yn Delft. Fan 1891 oant 1937 wie dat 'atelier foar brânskildere glês 't Prinsenhof' fêstige yn it Prinsenhof yn Delft. Oan dit atelier wist er ûntwerpers en gleskers as Herman Veldhuis, Dirk Boode en Lucas Knoll te binen. Yn 1900 waard syn wurk op de wrâldtentoanstelling yn Parys bekroand mei in gouden medalje.
Schouten wie troud mei Petronella Johanna van Rinsum. Hy ferstoar yn augustus 1937 yn de âldens fan 84 jier yn syn wenplak Delft. Hy waard op sneon 7 augustus 1937 ûnder grutte belangstelling beïerdige op it begraafplak Jaffa yn Delft.
Tegels
bewurkje seksjeSchouten wie samler fan Hollânske tegels. Yn 1920 is syn samling taheakke oan de kolleksje fan it Museum Lambert van Meerten. Tegearre mei Adolf le Comte hat Schouten in wichtige rol spile by it ta stân kommen fan dat museum. Inkelde fan de glês-yn-leadruten yn it museum binne ek troch Schouten makke nei in ûntwerp fan Le Comte.