Jan Sicco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
Jan Sicco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (doopt yn Ljouwert, 19 novimber 1693 - Rinsumageast, 6 novimber 1757 (Alg. Ned. Familiebl. jout 6 desimber op), wie de soan fan Wilko Holdinga en fan Fed. Sophia fan Goslinga. Boaske yn Rinsumageast op 14 augustus 1729 mei Elisabeth Helena fan Camstra ( 1699 - Namen, 1 juny 1752 ), dochter fan Tjalling Homme en fan Juliana Agatha fan Aylva. Ut dat houlik kamen fjouwer bern, wêrûnder Wilko Holdinga Camstra en Tjalling Homme. De âldste dochter Juliana Agatha boaske mei Tjaard fan Aylva.
Hy trochrûn yn tsjinst alle militêre rangen en wie luitenant-generaal doe't hy yn juny 1744 opteach nei Veurne om dat plak te ferdigenjen tsjin de Frânsken. De besetting bestie út trije bataljons. Op 7 july iepene de fijân syn rinfuorgen en al op 10 july dêrop folgjend liet de befelhawwer de wite faan opstekke. Yn 1746 siet ien fan syn bataljons binnen Mons; it blykt net dat hy der sels ek wie. Mar yn 1747, neidat fan Waldeck it befel oer de troepen oernomd hie, fierde hy syn kriichsmacht ein july yn twa deimarsen út Nuland nei Oudenbosch om mei te dwaan oan de ferdigening fan Bergen op Zoom. Steund troch de generaal Gemme Onuphrius fan Burmania die hy yn de moarntiid fan 10 augustus in oanfal op it doarp Wouw, dy't mislearre. In pear oeren letter stelde hy syn troepen yn slachoarder op op de heide fan Nispen, mar moast hjit ek weromlûke troch de driigjende hâlding fan de Frânsken en meidat de besetting fan Bergen op Zoom net troch in útfal op itselde momint meiwurke.
Neffens it Nederlânske Adelsboek wie hy gûverneur fan Namen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |