Jan Vroom jr.
Jan Vroom jr. (Haren, 6 augustus 1893 – Glimmen, 5 maart 1958) wie in Nederlânske tún- en lânskipsarsjitekt.
Libben en wurk
bewurkje seksjeVroom wie de fjirde generaasje yn in famylje fan túnarsjitekten; hy wie in soan fan Jan Vroom sr.. Hy gie nei de Gerard Adriaan van Swieten Tuinbouwschool yn Frederiksoard. Yn 1911, krekt 18 jier âld, naam er it wurk fan syn heit dy't blyn wurden wie oer.
Under de Earste Wrâldoarloch wurke er oan syn earste grutte opdracht, it ûntwerpen fan in tún foar it Rykskranksinnigegesticht yn Medemblik. Dêrtroch waard er lanlik bekend en waard er yn de jierren tweintich en tritich frege foar de oanlis fan tunen by ferskate psychiatryske ynstellingen lykas it Noarder Sanatoarium yn Súdlaren, Groot Bronswijk yn Wagenborgen en De Hooge Riet yn Ermelo. Yn 1939 begûn er in eigen kwekerij yn Glimmen, om net langer ôfhinklik te wêzen foar de oanfier fan planten troch oaren. Vroom die ek restauraasjes, bygelyks it Van Heutszpark yn Coevorden, dat yn 1900 troch syn heit oanlein wie en yn 1915 troch Leonard Springer útwreide wie.
Vroom stoar yn de âldens fan 64 jier. Hy waard beïerdige op De Eshof yn Haren.
Famylje
bewurkje seksjeDe fersetsman Jan Vroom, dy't by Woeste Hoeve eksekutearre waard wie in neef fan him.
Wurk (in kar)
bewurkje seksje- 1915 oanlis tún en ‘’Lariksbosk’’ foar filla De Lariks, Assen
- om 1935 oanlis tún foar Noardersanatoarium, Súdlaren
- 1938 oanlis begraafplak De Stille Hof, Hoogezand
- 1940-1949 oanlis begraafplak Selwerderhof, Grins tegearre mei L.W. Copijn
- 1942 oanlis Julianapark yn Ljouwert
- 1943 oanlis tún foar filla 'De Dilcht' yn Haren
- 1944 restauraasje fan it Noarderbegraafplak, Assen
- 1945 feroaringen yn it Folkspark, Ynskedee yn 'e mande mei Tj.H. Koning
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Yn de Collectie TUiN en foar in part tagonklik fia de Databank TUiN binne alle bewarre bleaune ûntwerpen fan de túnarchitektefamylje Vroom by Biblioteek Wageningen University & Research centre ûnderbrocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|