Jan sûnder Freze
(Trochferwiisd fan Jan sûnder Eangst)
Jan sûnder Freze (28 maaie 1371 - 10 septimber 1419) wie hartoch fan Boergonje.
Jan is berne yn Dijon, en wie de âldste soan fan Filips de Dryste, hartoch fan Boergonje en Margareta fan Flaanderen. Hy hat syn bynamme te tankjen oan syn dielnimmen oan de krústocht tsjin de Ottomaanske sultan Bayezid I, dy't it Hongaarske keninkryk bedrige. Yn de Slach by Nikopolis (1396) waard er finzen nommem en foar in ûnbidich bedrach troch syn heit frijkocht.
Hy wie troud mei Margareta fan Beieren. Ut dit houlik binne 5 bern berne: Maria, Anna, Margareta, Agnes en Filips de Goede, syn lettere opfolger.
Dan hie er ek noch ûnwettige bern by:
- Agnes fan Croÿ: Jan fan Boergonje, (1404-1479), dy't biskop fan Kameryk waard.
- Margaretha fan Borsselen, 3 bern: Gwijde, Antoon en Filippotte.