Jan van Steenbergen

Nederlânsk oersetter

Johannes Hendrik "Jan" van Steenbergen (Hoarn (Noard-Hollân), 3 juny 1970) is in Nederlânsk taalkundige, sjoernalist en tolk/oersetter. Hy is de auteur fan ferskate keunsttalen, by namme Ynterslavysk en Wenedyk.[1]

Jan van Steenbergen

Van Steenbergen wennet yn IJmuiden. Hy is troud en hat trije bern.[2]

Van Steenbergen trochrûn it Murmelliusgymnasium yn Alkmaar en studearre fanôf 1988 East-Jeropeeske talen oan de Universiteit fan Amsterdam, mei as haadfak Slavyske talen en -kultueren. Dêrnjonken studearre hy musikology. Hy ferfolge syn oplieding oan de Universiteit fan Warsjau en wurke dêr ek mei oan in muzykfestival.

Yn 1997 waard hy yn Nederlân tolk/oersetter Poalsk.[3]

Yn 1996 begûn er te wurkjen oan in fiktive Noardslavyske taal, Vuozgašchai. Yn 2002 kreëarre er in oare keunsttaal, Wenedyk. Dy lêste is in rekonstruksje fan hoe it Poalsk west kinnen hie as it troch fulgêr Latyn beynfloede west hawwe soe. Yn 2006 wie Van Steenbergen ien fan de inisjatyfnimmers fan de Pan-Slavyske taal Ynterslavysk. Teffens wie hy koördinator fan in projekt foar it meitsjen fan in elektroanysk Ynterslavysk wurdboek.[4][5]

Yn novimber 2013, ûntfong er de Josef Dobrovský-medalje foar syn bydragen oan de Slavyske kultuer en wittenskip,[6] neamd nei de grûnlizzer fan de Tsjechyske skriuwtaal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografy op conlang.org
  2. Short biography
  3. Profyl van Steenbergen as oersetter
  4. M. Prelević, Ynterslavysk dat elkenien begrypt, 16 febrewaris 2010
  5. Ynterview yn de Servyske edysje fan Reader's Digest, Reader's Digest Srbija, June 2010, p. 13-15
  6. Artikel yn de Russyske krante Izviestija oer de takende medalje