Janet Heidinger Kafka Prize
De Janet Heidinger Kafka Prize of de Janet Heidinger Kafka Prize for Fiction is in Amerikaanske literatuerpriis dy't sûnt 1976 elts jier útrikt wurdt troch it Susan B. Anthony Ynstitút foar Frouljusstúdzjes en de fakulteit Ingelske taal- en letterkunde fan 'e Universiteit fan Rochester (yn Rochester yn 'e steat New York), foar it bêste fiksjewurk skreaun troch in Amerikaanske frou.
Janet Heidinger Kafka Prize | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | fiksje skreaun troch in Amerikaanske frou | |
útrikt troch | Universiteit fan Rochester | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Rochester (New York) | |
1e útrikking | 1976 | |
offisjele webside | ||
www.rochester.edu/college/wst/kafka_prize |
De priis (dy't alhiel neat fan dwaan hat mei de bekendere Franz Kafka-priis) is ferneamd nei Janet Heidinger Kafka, in jonge en gâns ûnthjittende redaktrise dy't mei 30 jier omkaam by in auto-ûngemak, krekt doe't se in glânsrike karriêre temjitte liek te gean. Har famylje, freonen en kollega's út 'e útjouwersbrâns rjochten ta har oantins in fûns op dêr't de priis út betelle wurdt. Oan 'e Janet Heidinger Kafka Prize is in bedrach fan $7.500 ferbûn. Sjoch foar in folsleine list mei winners op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |