Janke Reitsma
Janke Reitsma (Driezum, 1988) is in Nederlânske ortopedagooch en skriuwster fan Frysk komôf. Anno 2021 wennet hja yn Swol.
Janke Reitsma | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1988 | |
berteplak | Driezum | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Koart ferhaal, roman | |
útjouwer | Utjouwerij Mozaiek |
Reitsma waard berne yn Driezum, mar opbrocht yn De Westereen. Se studearre ortopedagogyk oan de Universiteit fan Grins.
Se publisearre koarte ferhalen, folge de oplieding literêre fiksje oan de Schrijversvakschool yn Grins. Sy wûn ferskate skriuwwedstriden, dy fan de skriuwersfakskoalle, it Nederlands Dagblad en útjouwerij Kok-Boekencentrum.
Yn oktober 2021 waard har debútroman Niets ontgaat ons publisearre. De roman giet oer in gesinsdrama en spilet him ôf oan de waadkust yn Fryslân.[1] De roman waard nominearre foar de Hebban Debútpriis 2022. [2]
Wurk
bewurkje seksje- Niets ontgaat ons, roman
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|