Jannik Schümann
Jannik Schümann (Hamburch, 22 july 1992) is in Dútske akteur.
Jannik Schümann | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jannik Schümann | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 22 july 1992 | |
berteplak | Hamburch | |
etnisiteit | Dútsk | |
jierren aktyf | 2003- | |
offisjele webside | ||
Hiemside |
Wurkpaad
bewurkje seksjeSchümann spile yn 'e âldens fan 9 jier de jonge Amadeus Mozart yn 'e musical Mozart op it poadium fan it Stage Theater Neue Flora yn Hamburch. Nei't er ûntdutsen waard, krige er aktearles en waard er útnoege foar lytse rollen yn tillefyzjeproduksjes. Letter waard Schümann bekend yn 'e Dútsktalige lannen troch de meiwurking oan in grut tal tillefyzjefilms en -searjes, musicals en harkspullen.
Yn 2003 wie Schümann foar it earst mei in gastrol yn 'e searje Die Rettungsflieger op 'e tillefyzje te sjen. Yn 2009 spile er Max yn 'e jongereinsearje Die Pfefferkörner en yn 2010 yn 'e Australyske jongereinsearje A gURLs wURLd.
Hy krige in breder publyk troch syn meiwurking yn 'e bekroande tillefyzjefilm Homevideo, in film oer cybernarjen. Yn itselde jier hie Schümann mei in byrol yn it drama Barbara syn bioskoopdebút. De Amerikaansk-Britsk-Dútske dramafilm The Aftermath gie yn 2019 yn premjêre, dêr't er de rol fan Albert yn spile. Yn itselde jier spile er yn it twadde seizoen fan 'e ynternasjonaal bekend searje Charité oer it ferneamde Berlynske sikehûs mei deselde namme.
Yn 2020 wurke er as Aiden mei de haadrolspylster Milla Jovovich yn 'e troch Paul W.S. Anderson regisearre aksje-fantasijefilm Monster Hunter. Schümann hie yn 2021 de rol fan Frâns Joazef I fan Eastenryk yn 'e histoaryske dramasearje Sisi.
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
2009 | WinneToons - Die Legende vom Schatz im Silbersee | Bobby | stim |
2012 | Barbara | Mario | |
2013 | Spieltrieb | Alev El Quamar | |
2015 | Taxi | Manfred | |
2015 | Jesus Cries | Lazarus | |
2016 | LenaLove | Tim | |
2016 | Die Mitte der Welt | Nicholas | |
2017 | Jugend ohne Gott | Titus | |
2017 | Submergence | Paul | |
2017 | Hogh Society | Albrecht von Schlacht | |
2019 | The Aftermath | Albert | |
2019 | Rate Your Date | Akteur | |
2019 | Dem Horizont so nah | Danny | |
2019 | Deine Farbe | Karl | |
2020 | Monster Hunter | Aiden | |
2024 | Chantal im Märchenland | Prins Bechtold | |
tillefyzje | |||
2007-2018 | Tatort | Louis Grein / Konstantin Auerbach / Felix Freiberg | 3 ôfleveringen |
2009 | Die Pfefferkörner | Max | 4 ôfleveringen |
2010-2011 | A gURLs wURLd | Nicholas | 11 ôfleveringen |
2011 | Homevideo | Henry | tillefyzjefilm |
2012 | Mittlere Reife | Tim Seifert | tillefyzjefilm |
2013 | Die Erfinderbraut | Tommy Freisinger | tillefyzjefilm |
2014 | Die drei Federn | Gustav | tillefyzjefilm |
2015 | Die kalte Wahrheit | Thomas | tillefyzjefilm |
2015 | Mein Sohn Helen | Finn Wilke / Helen Wilke | tillefyzjefilm |
2016 | The Midwife 2 | Anton | tillefyzjefilm |
2016-2020 | Die Diplomatin | Nikolaus Tanz | 5 ôfleverings |
2019 | Charité | Otto Marquardt | 2e seizoen, 6 ôfleverings |
2019 | Tage des letzten Schnees | Lutz Wegner | tillefyzjefilm |
2020 | 9 Tage wach | Eric Stehfest | tillefyzjefilm |
2021 | Tribes of Europa | Dewiat | 5 ôfleverings |
2021 | Westwall | Nick Limbach | 2 ôfleverings |
2021 | Sisi | Frâns Joazef I fan Eastenryk | 18 ôfleverings |
2024 | Disko 76 | Robert | 6 ôfleverings |
Oars
bewurkje seksjeSchümann is hikke en tein yn Hamburch. Jannik Schümann libbet hjoed-de-dei mei syn freon Felix Kruck yn Berlyn.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|