Javier Imbroda Ortiz Pavilion
It paviljoen Javier Imbroda Ortiz is in sportkompleks yn de Spaanske stêd Melilla. It hat romte foar 2.900 taskôgers en is it plak dêr't Melilla Baloncesto fan de LEB Oro-kompetysje, Melilla Fútbol Sala fan de LNFS, en CV Melilla fan de earste follybaldifyzje yn Spanje harren thúswedstriden spylje.
Skiednis
bewurkje seksjeOp 17 febrewaris 1995 lei boargemaster Ignacio Velázquez Rivera de earste stien en wijde er it kompleks yn ûnder de namme Ciudad de Melilla Sports Pavilion. Yn 'e midden fan 2007 waard de namme yn 'e hjoeddeistige feroare as earbetoan oan 'e basketbaltrainer Javier Imbroda,[1], oarspronklik in ynwenner fan Melilla en ien fan de opmerklikste figueren út de sportwrâld yn de skiednis fan dy stêd.
Yn it paviljoen binne trije Prince of Asturias Basketbal Cups holden en ek trije play-off finales foar promoasje nei de ACB League foar Melilla Basketbal Club.[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|