Jean Leon Gerome Ferris

Jean Leon Gerome Ferris (Philadelphia (Pennsylvania), 18 augustus 1863 – dêre, 18 maart 1930) wie in Amerikaanske skilder. Hy is benammen bekend om syn rige fan 78 sênes út de Amerikaanske skiednis, mei de titel The Pageant of a Nation, de grutste searje Amerikaanske histoaryske skilderijen troch ien keunstner makke.

Jean Leon Gerome Ferris
Art-1300258.svg keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 8 augustus 1863
berteplak Philadelphia, Pennsylvania
stoarn 8 maart 1930 (66 jier)
stjerplak Philadelphia
wurkpaad
wurksum as skilder

Libben en wurkBewurkje

Ferris wie in soan fan Stephen James Ferris, in portretskilder dy't in bewûnderer wie fan Jean-Léon Gérôme (nei wa't er ferneamd waard) en ek in bewûnderer fan Mariano Fortuny. Hy waard oplaat troch syn heit en syn omkes Edward Moran en Thomas Moran, beide wiene priizge skilders.

Ferris skreau him yn 1879 yn oan de Pennsylvania Academy of the Fine Arts en studearre fan 1883 ôf fierder oan de Académie Julian by William-Adolphe Bouguereau. Hy moete ek syn nammegenoat Jean-Léon Gérôme, dy't grutte ynfloed hie op syn kar om sênes út de Amerikaanske skiednis te skilderjen. Ferris skreau: "Gérôme syn aksioma wie dat men it bêste dat skilderet dêr't er it meast mei fertroud is".

Syn earste ûnderwerpen wiene oriïntalistysk fan aard, mei't dy streaming yn 'e moade wie doe't er jong wie. Yn 1882 eksposearre er in skilderij titele Feeding the Ibis dat op 600 dollar rûsd waard. Yn 1895 hie er in reputaasje opboud as histoarysk skilder en begûn er oan syn dream om in rige skilderijen te meitsjen dy't ferhellen fan in skiedkundich barren.

Yn 1898 ferkocht er General Howe's Levee, 1777, mar letter besefte er dat sa 'n searje net kompleet wêze koe as de ôfsûnderlike skilderijen net byelkoar holden wurde koene. Dêrom ferkocht er der nea wer ien, mar hy ferkocht wol de reproduksjerjochten oan ûnderskate útjouwerijen. Sadwaand waard syn wurk tige populêr, mei't dy bedriuwen printen, ansichtkaarten, kalinders en trade cards mei blanko efterkant foar gebrûk yn advertinsjes makken.

Persoanlik libbenBewurkje

Ferris troude yn 1894 mei Annette Amelia Ryder; it pear krige in dochter, Elizabeth Mary. Hy stoar yn de âldens fan 66 jier yn Philadelphia, Pennsylvania.

NeilittenskipBewurkje

De skilderijen litte ideasearre ôfbyldingen fan ferneamde mominten út de Amerikaanske skiednis sjen. De komplete searje wie te sjen yn Independence Hall yn Philadelphia fan 1913 oant 1930 en ferhuze dêrnei nei Congress Hall. Yn lettere jierren waard it op in tal lokaasjes toand, wêrûnder it Smithsonian Institution, foardat it weromjûn waard oan de famylje Ferris. Syn wurken wiene jierrenlang tige populêr, mar moderne kritisy binne minder gol yn har lof. Keunsthistoarikus Gerald Ackerman beskriuwt se as "prachtich yn de krektens fan assessoires, klean en foaral yn de details fan lântransporten en skippen", mar "tige drûch yn útfiering en nochal monotoan yn komposysje".

GaleryBewurkje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jean Leon Gerome Ferris fan Wikimedia Commons.