Jehannes de Dopertsjerke (Jaroslavl)

De Tsjerke fan Sint-Jehannes de Doper yn Toltsjkovo (Russysk: Церковь Иоанна Предтечи в Толчкове) is in otterdokse tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân.

Jehannes de Dopertsjerke

Ивановская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 36' N 39° 51' E
Arsjitektuer
boujier 1671-1687
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761510257020006
Kaart
Jehannes de Dopertsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Jehannes de Dopertsjerke

De Jehannes de Dopertsjerke is ien fan 'e meast bekende monuminten dy't de saneamde Jaroslavl-arsjitektuer fertsjintwurdiget. De tsjerke waard tusken 1671 en 1687 boud yn Toltsjkovo, in delsetting op 'e rjochterkant fan 'e Kotorosl. In 45 meter hege klokketoer waard letter, yn 1690, tafoege.

It ynterieur is folslein beskildere mei bibelske foarstellings en mei hilligen en tafrelen út Russyske leginden. De fresko's binne yn 'e jierren 1694-1695 ûnder lieding fan 'e keunstners Dimitri Plechanov en Fjodr Ignatjev oanbrocht.

De tsjerke waard ûnder it Sovjet-rezjym sletten foar de earetsjinst yn 1931. Hjoed-de-dei is it in museum en simmerdeis is it iepen foar toeristen. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Иоанна Предтечи в Толчкове