Jehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)
De Tsjerke fan Jehannes de Doper (Russysk: Иоа́нно-Предте́ченская Церковь) is in barokke tsjerke yn it eardere doarp Krasno, likernôch 1 kilometer súd fan it sintrum fan 'e russyske stêd Solikamsk.
Jehannes de Dopertsjerke
Иоа́нно-Предте́ченская Церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
kraj | Perm | |
plak | Solikamsk | |
koördinaten | 59° 38' N 56° 44' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1721-1728 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 591610422390006 | |
Webside | ||
solikamsk-kras.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke fan twa ferdjippings waard tusken 1721 en 1728 op kosten fan 'e rike sâlt-yndustrieel Ivan Sûrovtsev boud. Nei syn dea finansierre de filantroop Aleksej Fjodorovitsj Tûrtsjaninov de fuortsetting fan 'e bou. Syn frou joech yn 1788 nochris 18 klokken oan 'e tsjerke.
De tsjerke is ferskillende kearen restaurearre en waard yn 1798 foar in twadde kear konsekrearre. In stoarm yn 1868 skansearre it dak en de koepel fan 'e tsjerke. It wie de keapman en lid fan de tsjerkeried V.A. Rjazantsev dy't de skea oan 'e tsjerke ferhelpe liet en hy finansierre ek in renovaasje nei in grutte brân yn 1877.
Yn 1895 waard in konvint foar froulju stifte en oan 'e tsjerke tafoege. De famylje Rjazantsev soarge op 'e nij foar de nedige sinten om it kleaster te stiftsjen.
It kleaster waard yn 1921 sletten en de nonnen waarden útset. It sluten fan 'e tsjerke foar de earetsjinst fûn letter yn 'e jierren 1930 plak. It plan om it gebou op te blazen waard net útfierd, mar it ynterieur waard yn 'e Sovjet-tiid wol ferneatige.
It kleaster libbe yn 1989 wer op en de tsjerke waard op 'e nij iepene foar de earetsjinst. Nei de weromjefte waard de tsjerke ûnder lieding fan Katsko Genrich Lûkijanovitsj restaurearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside ru:Иоанно-Предтеченская церковь (Соликамск).
|