Jelle Pieters Siebenga
Jelle Pieters Siebenga (Aldskoat, 18 jannewaris 1868 - dêre, 24 maaie 1952) wie in foaroansteand man yn it maatskiplike libben fan Aldskoat.
Siebenga wie benammen aktyf op agrarysk mêd. Hy wie 27 jier bestjoerslid fan it wetterskip 'Mildaam East', wêrfan 23 jier as foarsitter. Mei troch syn tadwaan waard de Koöperative Boerelienbank Aldskoat oprjochte. Ek dêrfan wie hy lange tiid foarsitter. As foarsitter fan de feriening foar Pleatslik Belang joech hy syn krêften oan de foarútgong fan it doarp. Boppedat wie hy yn in lange rige fan jierren lid fan it bestjoer fan de begraffenisferiening en notabele fan de Nederlânsk Herfoarme gemeente.