Jellema steenhuys of Jellemahuysinge stie súdeastlik fan de tsjerke fan Kollum, gemeente Kollumerlân. Fan de âlde stins is neat werom te finen. It hjoeddeiske gebou stiet yn de súdwestlike hoeke fan de Oostenburgstrjitte en it Hoog Pypke.

De stins wurdt yn 1511 neamd mar is fan folle âldere oarsprong. It waard yn 1511 bewenne troch Gerloff Jellema en Wytthye syn wyff. Se wienen de stamâlden fan de eigenerfde famylje Jellema en de dêrút yn froulike line stamjende famylje Poppius à Jellema. Gerloff libbe noch yn 1543. Syn soan Hero moast yn 1518 flechtsje omdat hy meistanner wie fan de Boergondyske partij. Yn 1557 wie hy wer “woenende toe Collum”, want yn dat jier ferkocht hy in rinte út syn “staette” dêre. Hy ferstoar foar 1571 en liet fjouwer bern nei: Sjoerd, Lieuwe, Hylck en Maek. De lêste wie troud mei Arent Poppes dy't yn Kollum notaris en assessor wie en dy't nei de doe hearskjende moade syn namme ferlatinisearre ta Arnoldus Poppius. Maek en Arent kochten yn 1571 fan har suster Hylck in fearnspart fan “Jellemahuysinge int zuydt van Colmerbuyren”. Poppius kocht yn 1578, doe troud mei Jetscke Repckema, fan syn eardere sweager Lieuwe Jellema it foarhûs fan Jellema State.

It sjocht der nei út dat Lieuwe de lêste manlike neisiet fan syn staach wie, want Hero, de soan fan Arnoldus Poppius, neamde him Hero Poppius à Jellema. Hero, dy't noch yn 1650 notaris te Kollum wie, bewenne de state yn elts gefal yn 1616 en 1640. Hy hie fjouwer soannen dy't yn 1653 yn de mande harren helte fan Jellemastate ferkochten oan Tryntsje Cleveringa, widdo fan Jacobus fan Rosema. De oare helte, dy't frij wis fan harren muoike Hylck Poppius à Jellema wie, kaam letter ek yn hannen fan Tryntsje, sadat se no eigneresse wie fan de hiele state. Yn 1700 wie har beppesizzer Isabella Catharina fan Fogelsangh, troud mei Lambertus Bieruma, eigneresse fan “Jellemastate”. It hûs wie doe lykwols al ferdwûn, want it stee dêr't it stien hie waard doe al oantsjutten as in hoarnleger en kamp lants van Jellema uytgekomen….

Aurelia of Aricia Bieruma, dochter fan Lambertus en Isabella, erve letter de sate. Oft sy sels op de pleats wenne hawwe is net bekend, mar se moatte it lang yn besit hân hawwe. Uteinlik die him in goede gelegenheid foar om dit besit foardielich fan de hân te dwaan.

It stienhûs stie op 't Hoge hiem in't zuydt van Colmerbuyren. Nei it doarp rûn in leane dy't ôfsluten waard troch de noch yn 1634 fermelde Jellemapoarte. Yn de 17e iuw waarden ek de Jellemastege, Jellema-lytse finne, Jellemacamp, de Tillecamp lizzend by Jellemaheerdt en de Jellemalannen neamd. Utsein it yn 1511 neamde stienhûs en de lizzing tichtby it doarp, blykt it belang fan Jellema ek út de pretinsje dat de prebende fan it Hillich Sakramint yn de tsjerke fan Kollum stichte wie bij 't geslagte van Jellema ende eenige van Bootsma ende Faesma.

Bewenners
  • 1511 Gerloff Jellema
  • ± 1545 – 1571 Hero Jellema
  • 1571 Sjoerd, Lieuwe, Hylck en Maek Jellema
  • Arnoldus Poppius en Maek Jellema
  • Hero Poppius à Jellema en syn suster Hylck Poppius à Jellema
  • om 1653 Tryntsje Cleveringa
  • 1700 Isabella Catharina fan Fogelsangh en Lambertus Bieruma
  • Aurelia of Aricia Bieruma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N. Nomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009