Jentsje Wiarda (Snits, 3 septimber 1846 - dêre, 27 febrewaris 1901) wie in útjouwer en boekdrukker út Snits.

Wiarda fêstige him yn Snits om 1867 hinne as útjouwer en boekdrukker, doe 't er de saak fan F. Holtkamp dêr oernom. Syn útjeften binne meast yn rjochterlik-rjochtsinnige geast. Sa ferskynde by him it Gereformeerd Leerboek fan Gravemeyer. Ek ferskynden by him meardere learredes en brosjueres fan jhr. Mr. A.F. de Savornin Lohman. Op 5 juny 1890 waard syn fûns ferkocht by G. Theod. Bom te Amsterdam. Noch foar syn dea droech hy de saak oer oan A.J. Osinga dy't letter yn Boalsert siet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: