Jeremy Scott Zucker (Franklin Lakes (Nij-Jersey), 3 maart 1996) is in Amerikaansk sjonger en lietsjeskriuwer, dy't bekend waard fan syn lieten Comethru, You Were Good to Me, en All the Kids Are Depressed. Sûnt er yn 2015 úteinsette mei muzyk te publisearjen, hat Zucker meardere EP's en twa folle albums útbrocht, Love Is Not Dying (2020) en Crusher (2021).[2]

Jeremy Zucker
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeremy Scott Zucker
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 maart 1996
berteplak Franklin Lakes (Nij-Jersey, Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenre pop, Indie pop, Elektroanyske muzyk, Pop rock[1]
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf 2015 – no

Jeremy Zucker wie hikke en tein yn Franklin Lakes yn Nij-Jersey, dêr't er yn in muzikale húshâlding grutbrocht waard. Hy hat twa âldere bruorren. Doe't er op de Ramapo High School siet, begûn er yn syn sliepkeamer muzyk te meitsjen en kaam letter by in band, de Foreshadows, neamd. It earste liet dat er ea skreaun hie, gie oer de hichtefreze fan syn broer.[3] Nei syn ôfstudearjen fan 'e middelbere skoalle gie er nei Colorado College dêr't er yn 2018 oan ôfstudearre mei in graad yn molekulêre biology. Ear't er syn eigen muzyk produsearre, wie syn earste baan snowboardynstrukteur.

2015–2019: Beach Island, Breathe, Motions en glisten

bewurkje seksje

Yn 2015 brocht Zucker syn debút EP Beach Island út. Yn desimber 2016 brocht er Breathe út mei syn trochbraakhit Bout It. Yn 2017 brocht Zucker Motions út, mei it liet "Heavy", dêr't letter Blackbear de remix Make Daddy Proud fan makke, en opnommen yn syn album Digital Druglord. Zucker en Blackbear wurken letter gear oan 'e single "Talk Is Overrated" op Zucker syn EP Idle. Zucker brocht Stripped. út yn febrewaris 2018, folge troch Glisten yn maaie 2018. Yn septimber 2018 brocht Zucker Summer út, dy't it liet Comethru befettet. Hy skreau Comethru oer syn ôfstudearjen fan kolleezje yn maaie 2018 en doe't er werom ferhuze nei syn âlderlik hûs yn Nij-Jersey.[4]

2019-no: brent, love is not dying, brent ii and CRUSHER

bewurkje seksje

Yn 2019 wurke Zucker gear mei sjonger Chelsea Cutler oan "You Were Good to Me." It liet wie de debút-single fan harren earste gearwurkings-EP Brent dy't útbrocht waard op 19 april 2019.

Op 26 july brocht Zucker Oh, Mexico út, de debút-single foar syn debútalbum Love Is Not Dying. De folgjende singles Always, I'll Care, Not Ur Friend, en Julia waarden útbrocht op 7 febrewaris 2020, 28 febrewaris en 24 maart respektivelik, dy't late ta de útjefte fan it album op 17 april. It album is in autobiografyske samling lieten dy't yn 'e twadde helte fan 2019 yn Brooklyn opnommen waard. Op 24 july brocht er de single "Supercuts" út. Hy spile yn Claire Rosinkranz har liet Backyard Boy en Nothing's the Same mei Alexander 23.[5]

Op 15 jannewaris 2021 brochten Zucker en Cutler This Is How You Fall In Love út enorganisearren se de livestreamshow Brent: Live on the Internet dêr't se Brent II yntrodusearren, dy't op 5 febrewaris útbrocht waard. Begjin juny 2021, liet Zucker de lieten 18 op 24 juny, Honest op 23 july, Cry With You op 20 augustus, en Therapist op 17 septimber út as singles foar syn twadde album Crusher dat útbrocht waard op 1 oktober 2021.

Zucker neamde Blink-182, Jon Bellion, blackbear, Eden, Bon Iver, Mac Miller, en Wet as guon fan syn muzikale ynfloeden.[6]

Zucker beskriuwt himsels as in "sosjale yntrovert".

  • Beach Island (2015)
  • Breathe (2015)
  • Motions (2017)
  • Idle (2017)
  • Stripped. (2018)
  • Glisten (2018)
  • Summer (2018)
  • Brent (mei Chelsea Cutler) (2019)
  • Brent II (mei Chelsea Cutler) (2021)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jeremy Zucker Biografy
  2. Premiere: Jeremy Zucker's "comethru" Is an Ode to His Transitional Summer
  3. Get to Know 'All the Kids Are Depressed' Singer Jeremy Zucker: Watch
  4. Premiere: Jeremy Zucker's "comethru" Is an Ode to His Transitional Summer
  5. JEREMY ZUCKER RETURNS WITH NEW SONG "always, i'll care" | RadioFacts
  6. Jeremy Zucker | Republic Records

Keppelings om utens

bewurkje seksje