Jeropeeske rjochtline
In Jeropeeske rjochtline is in rjochtshanneling fan de Jeropeeske Uny.
De rjochtline komt fan kêst 288 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Jeropeeske Uny. In rjochtline is in juridysk rjocht fan de Jeropeeske Uny om nasjonale wetjouwing yn de Uny opinoar ôf te stimmen. Eltse lidsteat hat it foech en kies de bêste tapaslike metoade om dy út te fieren. Rjochtlinen komme dan ek gauris foar op mêden dy't te krijen hawwe mei de mienskiplike merk. Rjochtlinen ferplichtsje lidsteaten om haren wetjouwing oan te passen sa't se deselde ôfsprutsen útwurking hawwe.
Proses
bewurkje seksjeDe Rie fan de Jeropeeske Uny nimt rjochtlinen oan op útstel fan de Jeropeeske Kommisje nei it rieplachtsjen fan it Jeropeesk Ekonomysk en Sosjaal Kommitee en it Jeropeesk Parlemint. De Kommisje kin sels ek rjochtlinen oannimme neffens de Komitology-proseduere. Eltse rjochtline moat nei't er oannommen is goedkard en bekrêftige wurde troch de Kommisje. Dêrnei wurdt er yn it Publikaasjeblêd fan de Jeropeeske Uny buorkundich makke.
De rjochtline begjint te wurkjen op de datum dy't de rjochtline sels bepaalt. As der gjin datum yn neamd is, dan begjint er op de tweintichste dei nei't it buorkundich wurden yn it Publikaasjeblêd yn wurking te trêdzjen.
In rjochtline dy't yn wurking trêde waard, moat troch de lidsteaten omset wurde yn harren nasjonale wetjouwing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References op dizze side. |