Jessica Broekhuis

Jessica Broekhuis (Hilversum, 1964) is in earder telefyzjepresintatrise by de AVRO, Veronica en RTL 4.

Jessica Broekhuis (rjochts efter) yn it teem fan Tros Triviant (1991)

Broekhuis studearre kommunikaasjewittenskippen en politikology oan de Universiteit fan Amsterdam.

Yn 1990 en 1991 presintearre hja mei ûnder oaren Carlo Boszhard it jongereinprogramma fan de AVRO, Pauze-TV. Fan 1991 oant 1993 presintearre se it programma Forza TV tegearre mei Humberto Tan. Yn 1993 presintearre se it filmmagazine TV-Film fan de AVRO dat alle wiken útsjoerd waard. Sy briek lykwols net wier troch op telefyzje. Tusken 1995 en 1999 presintearre se noch in tal belspultsjes (Call TV) by Veronica, lykas Wekdienst, Cracks of kruks en Van 2 tot 4 op 6.

Dêrnei rekke se ferslaafd oan kasinobesite, drank en drugs. Se waard yn in ferslavingsklinyk yn Súd-Afrika behannele. Yn 2016 publisearre se it boek "STOP" oer har drank-, coke- en gokferslaving.