Jetze van der Goot

Jetze van der Goot, (Grou, 1937?) is in Frysk bestjoerder en wettersporter.

Hy makke him fertsjinstlik foar de wettersport. Hy wie as frijwilliger 25 jier sjuerylid by de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen en foarsitter fan it Noard Nederlânsk Wettersport Bûn, Feriening Fryske Boerepream, en de Stifting Sylsport Grou. Hy fertsjinne syn spoaren as foarsitter fan de keninklike wettersportferiening Frisia. De wedstrydlieding fan Grutte Pier hearde ek ta syn taken. Hy krige oan it begjin fan de Snitswike fan 1998 it ynsynje mei oarkunde en de koekepanne doe't er Skipper yn de Oarder fan de Snitser Panne waard. Syn lêste funksje wie sûnt 1980 dy fan direkteur fan it rekreaasjeskip de Marrekrite, hy krige dêrfoar de koperen Skipstoeter. In foar de wettersport wichtich wapenfeit fan Van der Goot is dat er yn Fryslân unifoarme brêge- en slûsbetsjinningstiden kamen.

Foar de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Van der Goot riedslid foar de FNP yn de gemeente Idaerderadiel. Fierders wie er foarsitter fan Pleatslik Belang Grou, lid fan de lânynrjochtingskommisje Swette-De Burd en lid fan Oerlis Platfoarm Alde Feanen.

Van der Goot waard yn 1999 Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webside gemeente Snits