Jezuïtetsjerke (Luzern)

De Jezuïtetsjerke is in oan Fransiskus Ksavearius wijde tsjerke fan it bisdom Bazel oan de lofter kant fan de Reuss yn de binnenstêd fan Luzern, Switserlân.

Jezuïtetsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Luzern
plak Luzern
adres Bahnhofstrasse 11A, 6003 Luzern
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1666-1677
boustyl Barok
offisjele webside
Side Jezuïetentsjerke
 
Ynterieur

De tsjerke waard tusken 1666 en 1677 as de earste grutte barokke tsjerke fan Switserlân boud. Dat waard needsaaklik troch de groei fan it tal studinten yn de 17e iuw. Op in befolking fan minder as 4.000 ynwenners telde it jezuïtekolleezje doe sa'n 300 oant 400 studinten. Al sûnt 1576 wiene de preesters fan de oarder aktyf yn it ûnderwiis fan de stêd.

It ûntwerp fan de nije tsjerke wie mooglik ôfkomstich fan Michael Beer of Michael Thumb út Vorarlberg, of fan de jezuïtepater Heinrich Mayer en pater Christoph Vogler. Yn alle gefallen is de byldhoukeunst yn de sydkapellen fan de hân fan Mayer. De skilderijen fan it haadalter út 1667-1673 binne makke troch de skilder Domenico Torriani út Mendrisio. De fresko's stamme fan de bruorren Giuseppe Antonio en Giovanni Antonio Torricelli út Lugano.

De beide tuorren waarden letter yn 1893 troch Heinrich Viktor von Segesser tafoege.

Yn de jierren 1950 en 1970 waard de tsjerke renovearre. De lêste renovaasje is fan 2017.

De tsjerke is benammen fanwegen it rike ynterieur it besjen wurdich. Yn 1755 waard de tsjerke boukundich mei it kolleezje ferbûn.

It oargel waard yn 1982 troch de oargelboufirma Metzler boud. It oarspronklike oargel fan Goll út 1897 waard dêrby foar in part wer op 'e nij brûkt. It tsjinwurdige sleeplaadynstrumint besit 39 registers op trije manualen en pedaal. De traktueren binne mechanysk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Jesuitenkirche (Luzern)