Jierbeurs (Utert)

(Trochferwiisd fan Jierbeurs)

De Jierbeurs, foar 2015 de Jierbeurs Utert (Jaarbeurs Utrecht), is in gebouwekompleks yn de Nederlânske stêd Utert foar grutskalige eveneminten lykas konferinsjes, eksposysjes, útstallings, gearkomsten, trainings, bedriuwseveneminten en beurzen en ek lytsere eveneminten.

Eastlike yngong fan de Jierbeurs
De eardere gebouwen fan de Jierbeurs: de "Fruithal" en "Korenbeurs"
De Jierbeurs yn 2014

De Jierbeurs lûkt likernôch 2,5 miljoen besikers yn 't jier. De lokaasje yn Utert is tige gaadlik, omreden syn sintrale lizzing. It kompleks stiet deun by it Stasjon Utert-Sintraal.

Doe't de Earste Wrâldkriich oan 'e gong wie, naam de ynternasjonale hannel yn Nederlân tige ôf. Guod koe net mear ynfierd wurde en sadwaande moasten dy yn Nederlân produsearre wurde. Dat late ta it tanimmen fan de ynlânske hannel en doe ûntstie der ferlet fan in sintraal punt dêr't hannelskontakten lein wurde koene. Dat late yn 1916 ta it oprjochtsjen fan de Vereeniging tot het houden van Jaarbeurzen, oanset troch de Vereeniging Nederlandsch Fabrikaat, de Maatschappij van Nijverheid en de Nederlandse Vereniging voor Tentoonstellingsbelangen. As plak waard foar Utert keazen omreden syn sintrale lizzing en de goede berikberens. Foaroansteande Utertsken namen harren sit yn it deistich bestjoer fan de feriening. Om de Jierbeurs wier te meitsjen krige de feriening subsydzje fan de Ryksoerheid en de gemeente Utert.

De earste Jierbeurs waard yn 1917 holden yn de doetiidske Fruithal en Korenbeurs op it Vredenburg. Der wiene 690 Nederlânske bedriuwen dy't harren presintearren en 87.000 útsochte besikers besteande út yndustriëlen en winkelmanlju.

De twadde Jierbeurs waard yn de maitiid fan 1918 holden mei 1062 meidoggers. De feriening besleat doe permanint yn Utert te bliuwen. Yn 1921 waard der foar it earst ek hjerstmis in jierbeurs organisearre en dy hie ek ynternasjonale meidoggers. Ek dat jiers waard de Fruithal ferfongen troch de earste fêste Jierbeursgebou. Yn 1930 waard ek de Korenbeurs ferfongen troch nijbou, dêr't neitiids de romte twaris fan útwreide waard.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard it hâlden fan Jierbeurzen troch de nazy's ferbean en dy namen de gebouwen yn beslach. Yn 1946 waard de earste neikriichske Jierbeurs holden, tenei sûnder subsydzje fan it ryk en de gemeente. It tal besikers naam algeduerigen ta en doe wie der ferlet foar mear romte. Om't útwreidzjen fan de gebouwen oan de Vredenburg net koe, waard keazen foar in lokaasje oan de Croeselaan. Dêrnei waard fierder útwreide. Yn de 1970-er jierren waarden de measte âlde gebouwen oan de Vredenburg sloopt en meitsje plak fan it nije winkelsintrum Hoog Catharijne en it muzyksintrum. Yn 2013 oant 2020 waard it gânse stasjonsgebiet op 'e kop helle en yngeand ferboud

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Jierbeurs (Utert) – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part oernommen fan de Nederlânsktalige side. Foarn boarnen en de bewurkingsskiednis sjoch op dizze side.