Jillert Anema
Jillert Anema (Harns, 27 july 1955) is in Fryske fysioterapeut en wie oant 2009 reedrydcoach fan Rintje Ritsma.
Biografy
bewurkje seksjeTeagearre mei Ritsma wurke Anema fan 2005 ôf ynearsten as fysioterapeut yn de earste kommersjele reedrydloech Team Sanex en nei april 2000 by TVM. Doe't Ritsma begjin 2005 bruts mei TVM, gie Anema mei him mei en waard de ienmansploech Sitel.nl oprjochte. Neist Anema's wurk as fysioterapeut waard hy no ek Rintsjes' riderscoach. Syn wurk yn it sikehûs Tsjongerskâns op It Hearrenfean lei hy del troch mei ûnbetelle ferlof te gean en as útdaging it avontoer mei syn pupil oan te gaan[1].
As riderscoach
bewurkje seksjeBy it NK Ofstannen 2005 wist Ritsma him foar it earst yn fjouwer jier, nei't er by in surfûngelok syn kûtbonke bruts, te pleatsen foar de wrâldbekerwedstriden op de 5 kilometer. By in wb-wedstryd yn Calgary ried Ritsma syn âlde pr fan 6.25,55 fan 1998 út de boeken troch der sa'n fiif sekonden fan ôf te heljen. Ek waard hy tafoege oan de ploechefterfolging. Anema's ferklearring foar dizze prestaasjes is it feit dat hy al sûnt Ritsma's trochbraak nau belutsen [2].
Doe't Ritsma yn septimber 2008 besleat te stopjen mei langebaanriden, gie Anema troch mei syn wurk by de BAM-ploech en Blauwe Stad/Univé.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeFuotnoat
bewurkje seksje- ↑ "Zoektocht naar de juiste afzet De Volkskrant, 10 novimber 2005
- ↑ "Ritsma rijdt ook ploegenachtervolging in Calgary" Sport1.nl, 9 novimber 2005