Joachim van Plettenberg
Joachim Ammena van Plettenberg (Ljouwert, 8 maart 1739 - Swol, 18 augustus 1793) wie de gûverneur fan de Kaap de Goede Hope fan 11 augustus 1771 oant 14 febrewaris, 1785. Hy folge Ryk Tulbagh as waarnimmend gûverneur op nei dy syn fersjerren. Op 18 maaie 1774 hat er dy posysje permanint krige.
Biografy
bewurkje seksjeVan Plettenberg kaam út in aristokratyske famylje fan Oranjeoanhingers. Syn heit Henrik Casimir van Plettenberg wie kolonel fan it ek Oranjegesinde garnisoen fan Ljouwert. Nei syn skoaloplieding gie er oan de rjochtestúdzje oan de Universiteit fan Utert en letter waard er yn de Steaten-Generaal keazen.
Yn 1765 ferfarre er yn tsjinst fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy nei Batavia om as junior rjochtsofsier, of adjunk-fiskaal, ûnderfining yn de rjochtspraak op te dwaan, dat hat er twa jier dien. Yn 1767 troud er mei Cornelia Charlotte Feith, de widdo fan Louis Taillefer; 28 jier âld, waard er yn itselde jier oansteld as de earste ûnôhinklike fiskaal yn Kaapstêd.[1] De Kaapkoloanje wie doetiids eigendom fan de VOC en gjin Nederlânske koloanje.
Yn 1774 waard er waarnimmend gûverneur oant it ferstjerren fan gûverneur Tulbagh. Op 18 maaie 1774 waard er gûverneur foar fêst. Yn syn amtstermyn hat er in reis fan trije moanne makke en alle 47 bûtenposten yn de Kaapkoloanje bydel west. Tydens dy reis komt hy op 5 novimber 1778 by Plettenbergbaai oan en op 6 novimber rjochtet er it histoaryske beaken fan de VOC op, wat as it Van Plettenbergbeaken bekend wurden is.[1] De heldedied fan Wolraad Woltemade barde ek yn syn amtstermyn. Syn optreden yn dy saak wie lykwols gjin súkses.
Van Plettenberg krige in soad krityk te fernearjen fan benammen de "Patriotte beweging". Nei in tal petysjes fan de Kaapbewenners (kolonisten) oan de Heeren Zeventien fan de VOC en de Steaten-Generaal, frege er ûntslach wat him yn 1785 earfol ferliend waard. Hy gie werom nei Nederlân yn is by Hûs Windesheim yn Swol ferstoarn yn 1793.[2] Hy waard opfolge troch luitenant-kolonel Cornelis Jacob van de Graaff.
De Plettenbergbaai is troch himsels ferneamd.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|