De Johan Kaartpriis is neamd nei de Nederlânske akteur Johan Kaart (1897 -1976) en wurdt alle jierren takend oan in persoan dy't in opmerklike prestaasjes op it mêd fan teateramusemint levere hat. De priis kin ek sjoen wurde as in 'sjenrepriis'.

Yn de santiger jierren hawwe en teatermakker, regisseur en akteur John Lanting, skouboarchdirekteur Wim Bary, ympressario Jacques Senf en Guus Oster, de eardere direkteur fan Teater Carré it inisjatyf nommen om de Johan Kaartpriis yn te stellen. Hja wiene fan betinken dat dêr der by grutte publyk wol in protte belangstelling wie foar blijspullen en kluchten, mar dat it sjenre te min oan bar kaam by de offisjele beoardielingen en priisútrikkingen.

De priis waard foar it earst yn 1975 útrikt. De priis bestiet út in brûnzen byldsje dat Johan Kaart foarstelt. It byldsje makke is troch Piter de Monchy. Yn de perioade oant 1990 waard de priis alle jierren útrikt, mar yn de perioade dêrnei noch mar twa kear.

Yn 2005 waard de priis nij libben ynblaasd en is de jierlikse takenning weromkommen.

 
Mary Dresselhuys (1982)
 
Adèle Bloemendaal
 
John Lanting (1987)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: