Johan Severin Svendsen

Johan Severin Svendsen (Oslo, 30 septimber 1840Kopenhagen, 14 juny 1911) wie in Noarsk komponist, dirigint en muzykpedagooch. Hy waar tige wurdearre yn syn heitelân, mar is ynternasjonaal net sa bekend wurden. Hy wenne en arbeide meast yn Kopenhagen.

Johan Severin Svendsen

Svendsen ferliet Noarwegen al rillegau omdat er him yn it benypte kultuerele klimaat dêre net fierder ûntjaan koe. Mei in stúdzjebeurs fan de Noarske kening Karel XV fan Sweden koe er fan 1863 oant 1867 studearje oan it Leipziger Konservatoarium, dêr't er fioele studearre by Ferdinand David en komposysjelear by Ernst Friedrich Richter en Carl Reinecke. Svendsen waard yn dizze tiid ek heit fan in ûecht bern, Johann Richard Rudolph (1867-1933).

Dêrnei reizge er ûnder oaren nei Parys, New York City en Bayreuth, dêr't er kunde krige oan Richard Wagner. Dizze reizen hawwe him tige ynspirearre. Boppedat krige er yn de Feriene Steaten kunde oan Sarah Levett. Hja trouden yn 1871.
Fan 1871 oant 1872 wie er Kapelmaster yn Leipzig. Fan 1872 oant 1883 wie er, mei in ûnderbrekking fan trije jier, dirigint fan de Musikverein Kristiana yn Kristiania (Oslo).

Yn de winter 1882-1883 hie Svendsen syn 3e symfony ôf. In poerrazende Sarah naam op seker stuit de partituur fan tafel en smiet dy yn it fjoer. Svendsen wie dêrnei in brutsen man; skraachwurk tsien jier hat er net mear komponearre. Yn 1884 giene Sarah en hy út elkoar, mar de offisjele skieding krige earst yn 1901 syn beslach. Itselde jier boaske er oan Juliette Haase, mei't wa er al tsien jier wenne en trije bern by hie.

Nei Oslo hat er oant syn dea ta Hofkapelmsster yn Kopenhagen west.

Svendsen betsjinne him krekt as Grieg (in goede freon) en Sinding fan eleminten út de Noarske folksmuzyk, mar syn wurk bleau tige oan it Jeropeeske - romantyske - idioom ferbûn. Neist wichtich wurk sa as konserten foar fioele, respektivelik sello en orkest, een strykoktet en twa strykkwartetten, is er it meast bekend wurden mei syn symfonyen. Klassisistysk yn oanlis, litte dizze stikken sjen dat er in master fan ynstrumintaasje/orkestraasje wie, mear as Grieg, dy't wer harmoanieuzer wurk skoep. Net yn 't lêste plak lei er mei dit wurk de grûnslach foar it symfonysk repertoire fan Noarwegen.

Wurk (karút)

bewurkje seksje
  • Strykkwartet a-moll, op. 1
  • Strykoktet A-dur, op. 3
  • Symfony nr. 1 D-dur, op. 4
  • Karneval i Paris foar orkest, op. 9
  • Zorahayda, leginde foar orkest, op. 11
  • Feest-polonêse foar orkest, op. 12
  • Norsk Kunstnerkarneval foar orkest, op. 14
  • Symfony nr. 2 B-dur op. 15
  • Noarske rapsody nr. 1 foar orkest, op. 17
  • Noarske rapsody nr. 2 foar orkest, op. 19
  • Noarske rapsody nr. 3 foar orkest, op. 21
  • Noarske rapsody nr. 4 foar orkest, op. 22
  • Romanse G-dur foar fioele en orkest, op. 26
  • Polonêse nr. 2 D-dur foar orkest, op. 28
  • Twa Yslânske melodijen foar strykorkest, op. 30
  • Fariaasjes oer "I fjol gjet e gjeitin" foar strykorkest, op. 31

Keppelings om utens

bewurkje seksje