Johannes Anthony Boreel de Mauregnault
Jhr. Johannes Anthony Boreel de Mauregnault (De Haach, 11 novimber 1916 - Amsterdam, 22 juny 1947) wie in Nederlânsk nasjonaalsosjalistysk polityk aktivist.
Famylje
bewurkje seksjeDe Mauregnault behearde ta de famylje De Mauregnault en wie in soan fan jhr. Johnnes Jacobus Boreel de Mauregnault (1880-1945) en Johanna Josephine Elisabeth Kits van Heyningen (1880-1960). Hy boaske yn 1943 mei Kommerijn Gerittine Kooijmans (1915-2008) dy't yn 1953 fannijs troude mei de sjoernalist en skriuwer Sjoerd Leiker (1914-1988)
Wurkpaad
bewurkje seksjeYn 1942 wie De Mauregnault lektor by it nasjonaalsosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten. Tagelyk wie er redakteur fan Het Nationale Dagblad. Nei't er in skoft yn Berlyn west hie waard er haad Parsesaken fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) fan ir. A.A. Mussert. Yn desimber 1943 en jannewaris 1944 fungearre er as plakferfangend baas fan de reportaazjetsjinst fan de Nederlandsche Omroep.