Johannes Henricus Bekker
Johannes Henricus Bekker (Loenen, 26 juny 1676 - Jelsum, 3 juny/3 july 1737) wie in predikant, soan fan de teolooch Balthasar Bekker, mar net in geastessibbe fan syn heit.
Bekker troude op 31 augustus 1710[1] mei Sytske Baukes (fan) Unia (Stiens,1690 - Jelsum,1748). Hy wie dûmny yn Jelsum fan 1701 oant syn dea yn 1737.
Yn 1698 kaam der in boekje fan him út oer it stjerbêd fan syn heit: Sterf-bedde van....Ds Balthazar Bekker. Dêryn ferhellet er wiidweidich oer syn heite sizzen foar't er stoar. Johannes fielde him derta roppen om't guonts stiiffêst úthâlden dat Balthasar eardere útspraken oer de macht fan de duvel op syn stjerbêd ynlutsen hie.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|