Johannes Knijff
Johannes Knijff (? Utert - 1576 Grins) wie de earste biskop fan it bisdom Grins.
Hy wie in Fransiskaan dy't yn Leuven studearre hie. Yn 1561 waard er ta biskop fan it nije bisdom Grins beneamd. Earst yn 1567 kaam er yndie nei Grins.
Nei Knijff syn dea waard wol in opfolger beneamd, mar hy wie feitlik oant it op 'en nij oprjochtsjen fan it bisdom yn 1956 de iennige biskop dy't it amt yndie yn Grins útoefene hat.