Jo Meynen
Johannes (Jo) Meynen (Winsum, 13 april 1901 – Velp, 13 febrewaris 1980) wie in Nederlânsk politikus fan de Anti Revolúsjonêre Partij (ARP) en fersetsman. Hy brocht yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte alliearde piloaten yn feilichheid.
Johannes Meynen | ||
politikus | ||
Jo Meynen (1945) | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 13 april 1901 | |
berteplak | Winsum | |
stjerdatum | 13 febrewaris 1980 | |
stjerplak | Velp | |
partij | ARP | |
Minister fan Kriich | ||
regear | kabinet-Schermerhorn-Drees | |
amtsperioade | 1945-1946 | |
foargonger | Jan de Quay | |
opfolger | Alexander Fiévez |
Meynen wie yn 1945 de ienige antirevolúsjonêr dy't lid fan it kabinet-Schermerhorn/Drees waard, mar die dat net as fertrsintwurdiger fan dy. As minister fan Oarloch wie hy ferantwurdlik foar de útstjoering fan Nederlânske militêren nei Nederlânsk Ynje. Hy makke karriêre by de Algemiene Keunstside Uny, dêr't er letter presidint-direkteur waard. De tige ynfloedrike Meynen wie kommissaris by de Amrobank en de Nederlânske Bank.
Meynen wie in freon fan Prins Bernhard fan de Nederlannen, foarsitter fan in Bilderbergkonferinsje en ridder yn de garitative Oarder fan Sint-Johannes fan Jeruzalim. Meynen wie Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau