Johannes Schalekamp

Johannes Arnoldus Schalekamp (Ljouwert, 12 jannewaris 1919Grins, 12 july 2001) wie stedspostorganisator.[1][2]

Schalekamp hie sûnt 1946 in buro foar reklametsjinsten. Yn 1964 begûn mei it besoargjen fan adressearre brieven en printwurk, dat er yn 1969 útwreide (helte fan it PTT-taryf ), en ûnder de namme Stadspost. Waard fjouwer kear troch justysje ferfolge foar oertreding fan de Postwet (it besoargjen fan post foar mear as ien firma tagelyk) dat mei boetes ôfrûn. Joech ek eigen postsegelsearjes út (de Fryske provinsjesegel mei Fryske flagge) en in neimaak Thorbeckesegel (it opskrift op de echte "er is meer dan voorheen in de wereld te doen" feroare hy ta "er is meer dan voorheen aan de PTT te voldoen"). Kaam yn 1973 yn swierrichheden en moast doe syn wurk ynkrimpe. Syn publisiteitskantoar joech destiids ek it Leeuwarder Weekblad út, dat op 14 july 1976 opgie yn it blêd "Huis aan Huis".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berte-akte
  2. "Stadspostman Schalekamp dood"