John "Rookie" Wright

John "Rookie" Wright, (New York City, 19 maart 1973) meast koartwei "Rookie" neamd, is in ferneamd muorrekeatser út New York. Fan likernôch 1990 oant 2010 hat hy it big ball sirkwy yn New York dominearre, benammen yn it inkeldspul. Njonken it muorrekeatsen is John Wright wurksem by in gokkantoar as 'bookmaker'. Ek by it muorrekeatsen binne foar him, njonken it prizejild, weddenskippen op eigen en oarmans wedstriden in wichtige bron fan ynkomsten. Mei syn provosearjend hâlden en dragen op en om de baan is er boppedat in publykslûker.

Hy makke yn 2001 ek namme yn it small ball-sirkwy troch yn dat jier de ICHA Mayor's Cup op syn namme te skriuwen en tegearre mei Dave Rojas de dûbeltitel op it Amerikaansk kampioenskip op te easkjen. It soe lykwols oant 2012 duorje, foardat Rookie ek beslach lizze koe op in inkeldtitel yn de small ball-fariant.

Yn 2008 doe't it Amerikaanske keatsbûn, de USHA, de nasjonale kampioenskippen foar it spul mei de big ball wer ynstelde, pakte Rookie dêryn, alhiel neffens ferwachte waard, de titel, dy't er yn 2009 wist te prolongearjen. Oan it begjin fan 2010 rekke hy blessearre en koe dat jier net folút spylje. Op it ein fan de simmer fan 2010 liet er lykwols sjen dat er op de wei werom wie troch foar de 4e kear it "King of the Court"-toernoai op syn namme te bringen. Yn 2011 pakte er de tried wer op en wûn de tredde nasjonale titel big ball.

Ynternasjonale suksessen

bewurkje seksje

Rookie Wright makke yn 2008 en 2009 diel út fan it winnende team op de One Wall Federation Cup. Yn 2009 lei er yn Portland (Oregon) beslach op de inkeldtitel op it wrâldkampioenskip dêr't er yn de finale syn 'pupil' Givonni Vasquez fersloech.