John Butler Yeats

John Butler Yeats (Tullylish, County Down, Ierlân, 16 maart 1839New York, 3 febrewaris 1922) wie in Iersk keunstskilder. Hy wie de heit fan de dichter William Butler Yeats en de skilder en skriuwer Jack Butler Yeats. Syn dochters Susan en Elizabeth wienen ek warber yn de keunstwrâld, lykas syn pakesizzer en de dochter fan William Butler, Anne Yeats. Fral syn portretten fan syn soan William en de Ierske dichter en polityk aktivist John O’Leary binne ferneamd.

John Butler Yeats
Foto Alice Boughton

Yeats studearre oan it Trinity College yn Dublin. Yn it earstoan wie er jurist, mar yn 1867 sette er út ein mei skilderjen en in stúdzje oan Hearthleys Art School yn Londen. Mooglik is in part fan syn wurk yn de Twadde Wrâldkriich ferlern gien, mar der is noch in protte wurk fan him priveebesit yn Ierlân, Ingelân en de Feriene Steaten, dat opdrachten hat er by de roes hân sa't it liket. It is net krekt bekend hoefolle fan syn wurken yn priveesamlingen sitte.

Yeats was net sa saaklik fan himsels dat hy hie geregeldwei jildkrapte. Hy ferhuze faak en wenne no ris yn Ingelân en dan wer yn Ierlân. Yn desinmber 1907 ferfarre er mei syn dochter Lily nei New York en gie nea werom nei Ierlân, hy wie doe 67 jier.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Butler Yeats fan Wikimedia Commons.