John Elliot
John Eliot (±. 1604 - 21 maaie 1690) wie Puriteinske sindeling fan Amerikaanske Yndianen. Troch syn wurk wurd er ek wol de apostel fan de Yndianen neamd.
Oplieding yn Ingelân en predikantskip yn Massachusetts
bewurkje seksjeJohn Eliot waard berne yn Widford yn Hertfordshire (Ingelân) en libbe yn syn bernetiid yn Nazeing. Hy folge syn oplieding oan it "Jesus College" te Cambridge. Op 31 novimber 1631 arrivearre hy mei it skip "Lyon" yn Boston yn Massachusetts en waard predikant en learend âlderling fan de "First Church" yn Roxbury. Hy studearre dêr ek as learling by Thomas Hooker. Fierder fêstige hy him dêr en stifte yn 1645 de Roxbury Latin School. Fan 1649 oant 1674 waard er yn de gemeente fan Roxbury assisteare troch Samuel Danforth.
Eliot School
bewurkje seksjeYn 1689 joech John Eliot 75 acres (300.000 m2) lân yn Jamaica Plain om de Eliot School, dy't yn 1676 stifte is, te stypjen. By dizze jefte wie in betingst opnaam dat de skoalle sûnder ûnderskied te meitsjen negers en yndianen talitte moast, wat foar dy tiid in grutte útsûndering wie. De skoalle bestiet as de "The Eliot School of Fine and Applied Arts" noch hieltiten tichteby it oarspronklik stee.