John Greenwood (keunstner)
John Greenwood (Boston, 1727 – Londen, 1792) wie in Amerikaansk portretskilder en grafikus.
Biografy
bewurkje seksjeGreenwood waard berne yn Boston, Massachusetts yn 1727. Hy wie yn de lear by Thomas Johnston, in reklameskilder en grafikus fan 1742 oant 1745, by wa't er ferskaat oan Ingelske wurken kopiearre. Njonken portretten skildere Greenwood in protte satirysk wurk. Hy gie yn 1752 út Boston wei en ferfear nei de Nederlânske koloanje Suriname yn it noardeasten fan Súd-Amearika. Dêr bleau er goed fiif jierren en skildere er 115 pertretten.
Dêrnei reizge er nei Jeropa, nei Amsterdam, dêr't er yn maaie 1758 oankaam. Hy wenne in skoft yn dy stêd om it meitsjen fan mezzoteinten ûnder de knibbel te krijen en waard yn 1758 lid fan de Amsterdamske Tekenakamy neffens in berjocht fan Jacob Otten Husly.[1] Nei Amsterdam hâlde Greenwood yn Parys ta en dêrnei yn Londen, dêr't er him úteinlik yn 1764 nei wenjen sette.
Ien fan Greenwood's meast bekende wurken is Sea Captains Carousing in Surinam ('Sûpende seekapteins yn Suriname', 1755), in tafreel mei ferskate dronken foaroansteande keaplju fan Rhode Island, mei ûnder oaren Declaration of Independence signatory Stephen Hopkins dy't ien fan de ûndertekeners fan de Amerikaanske Ferklearring fan ûnôfhinlikens wie, gûverneur Joseph Wanton, admiraal Esek Hopkins en gûverneur Nicholas Cooke.
Greenwood stoar op in besite oan Margate, yn Kent, en waard dêr ek te hôf brocht.
Galery
bewurkje seksje-
'Sûpende seekapteins yn Suriname', 1755
-
Portret fan in ûnbekende man
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Greenwood fan Wikimedia Commons. |