John Browning
(Trochferwiisd fan John Moses Browning)
John Moses Browning (Ogden, 21 jannewaris 1855[1] - Herstal, 26 novimber 1926) wie in Amerikaanske fjoerwapenûntwerper. Hy ûntwurp pistoalen, gewearen en patroanen en wie útfiner fan meganiken dy't oant hjoed de dei yn fjoerwapens tapast wurde.
Yn syn libben registrearre Browning 128 patinten wêrfan de earste yn 1879 takend waard foar in ienskotsgewear. Browning hat in grutte ynfloed hân op de ûntwikkeling fan fjoerwapens. Syn hân is noch altiten werkenber yn hjoeddeiske fjoerwapens. John Browning stoar yn 1926 yn Belgje wylst hy foar FN wurke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|