John Preston
John Preston (1587 - 1628) wie in Ingelske Puriteinsk predikant en haad fan it Emmanuel College yn Cambridge.
Hikke en tein
bewurkje seksjeJohn Preston wie de soan fan de boer Thomas Preston; hy waard berne yn Upper Heyford yn de gemeente fan Bugbrook yn Ingelân. Hy waard doopt yn de tsjerke fan Bugbrook op 27 oktober 1587. Syn mem wie Alice Marsh. Har omke oan memmekant wie Creswell, dy't boargemaster fan Northampton wie. Om't hy âld-om ryk wie en gjin bern hie, adoptearre er Preston en stjoerde him nei de Northampton grammar school en dêrnei nei in geastlike út Bedfordshire, dy't fan Guest hiet, om him Gryksk leare te litten. Op 5 july 1604 skreau er him as studint mei in beurs yn op it King's College yn Cambridge. Syn fâld waard dêr Busse, dy't yn 1606 haad fan Eton College waard. Yn 1606 gie er nei Queens' College yn Cambridge, dêr't syn fâd Oliver Bowles B.D wie. Creswell hie him wat ûnreplik guod neilitten en hy wie fan doel in diplomatike karriêre te folgjen. Fan gefolgen sleat er in kontrakt mei in keapman, dy't regele dat er in setsje nei Parys koe, mar doe't de keapman dea gie, ferfoel dy regeling. Preston gie doe fierder mei in stúdzje filosofy dêr't er ek troch Porter, dy't Bowles as syn fâld opfolge, yn stimulearre waard. Troch de konneksje fan Porter mei Humprey Tyndall, haad fan Queens en deken fan Ely, waard Preston, dy't yn 1607 ôfstudearre as B.A., oansteld as meiwurker yn 1609. Fan filosofy skeakele er no oer op medisinen. Hy krige no wat praktyske kunde troch it wenjen by in freon, dy't dokter yn Kent wie en hiel bekind fanwege syn praktyk. Hy studearre astrology, dat men doe seach as yn tsjinst te stean fan de genêskunde.
Karriêre as dûmny
bewurkje seksjeOm 1611 hinne, it jier wêryn er mei syn M.A. begûn, hearde hy in preek yn de St. Mary fan John Cotton, doe meiwurker fan it Emannuel College yn Cambridge, dy't foar him in nije karriêre iepene. Cotton lei op in bêste namme as in betûft sprekker, mar dit wie mar in sljochte evangelyske preek, en syn harkers wienen yn him teloarsteld. Hy gie werom nei syn keamers en wie wat delslein fanwege syn ûntfangst, doe't Preston op syn doar kloppe, en op dat stuit de fêste religieuse freonskip begûn, dy't hieltiten de libbens foar inoar beynfloede hat. Preston sette him no folslein ta de stúdzje fan de skolastyke godleardens; Thomas fan Aquino skynt foar him de wichtigste west te wêsen; hy makke him ek alhiel Dun Scotus en Willem fan Ockham eigen.
Syn biograaf ferteld ús in nijsgjirrich ferhaal oer syn ynset foar it fêstlizzen fan de ferkiezing yn 1614 fan John Davenant as opfolger fan Tyndal as haad fan it Queens' College. George Montaigne, letter aartsbisskop fan York, hie syn sin setten op dizze posysje; mar fuortendaliks nei de dea fan Tyndal, rie Preston yn sân hasten nei Londen, dêr't er foar it dei waard Whitehall, it paleis fan de kening, berikte. Hjir brûkte er syn ynfloed by Robert Carr om in hôfregeling foar de kar foar Davenant fêst te lizzen. Doe't er werom gie hie er de ferkiezing regele ear't Montaigne aan fan de fakatuere hie
By de besite fan Jakobus I yn maart 1615 oan Cambridge, foel Preston op as in disputer.