John Smith (ûntdekkingsreizger)
Kapitein John Smith (doopt yn Willoughby (Lincolnshire), 1580 - Londen, 21 juny 1631) wie in Ingelske militêr, seeman en de earste 'Amerikaanske' auteur fan belang. He waard riddere foar syn tsjinsten oan Sigismund Bathory, Prins fan Transylvaanje en syn freon Mózes Székely.
John Smith wie de stichter en lieder (fan septimber 1608 oant augustus 1609) fan de earste Ingelske koloanje yn Noard-Amearika: Jamestown. Dat plak leit y it Firginia fan no. Smith wurdt faak yn ferbân brocht mei Pocahontas, in yndiaansk famke fan de Powhatan-stam en har heit Wahunsenacawh, it heechste haad fan de Powhatan. De kontakten tussen harren ûntstie yn de tiid fan konfrontaasjes tusken de Ingelsken en de Powhatan-stammekonfederaasje, neidat John Smith op ûntdekkingstocht gong de rivieren fan Firginia en de Chesapeakebaai by del.
Smith syn boeken en kaarten hawwe faaks like wichtich west as syn fierdere dieden, omdat dy mear Ingelsken oantrune hawwe om it paad dat hy sljochte hie op te gean en de Nije Wrâld te kolonisearjen. Smith joech de koloanje de namme Nij-Ingelân.
-
Smith's kaart fan Firginia út The Generall Historie of Virginia, New-England, and the Summer Isles, 1624
-
Titelside fan A Description of New England (1616)
-
John Smith nimt Kening fan Pamunkey finzen