John Strong (seefarder)

John Strong wie in 17e-iuwske Ingelske seefarder.

By in ekspedysje fan Londen nei Súd-Amearika yn 1689-91, wêrby't er it befel hie oer de HMS Welfare, ûntduts er de seestrjitte tusken de twa haadeilannen fan de Falklâneilannen. [1] Hy neamde de Falkland Sound nei Anthony Cary, 5e Viscount of Falkland, in mei-eigener fan de Welfare. Anthony sponsore syn reis foar in part. Letter waard de namme Falkland oannaam foar de hiele arsjipel. [2]

Op 27 jannewaris 1690 makke er de earste registrearre lâning op de Falklâneilannen. De ekspedysje gie fierder troch de Strjitte fan Magellan. By syn ekspedysje waard ek de earste waarnimming fan de Falklânwolf dien.

Yn 1765 stichten de Ingelsen dêr harren earste permaninte koloanje, Port Egmont.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Headland, Robert K. (2009). A Chronology of Antarctic exploration. Londen: Quaritch. ISBN 978-0-9550852-8-4.
  2. Hidalgo Nieto:112