Johnny Lion
Johnny Lion, pseudonym fan John van Leeuwarden (De Haach, 4 july 1941 - Breda, 31 jannewaris 2019), wie in Nederlânsk sjonger en akteur. Hy wenne sûnt de jierren tachtich yn Breda.
Johnny Lion | ||
artyst en/of kabaretier | ||
Johnny Lion en Sophie van Kleef mei gouden plaat foar Sophietje (1966) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan van Leeuwarden | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 july 1941 | |
stoarn | 31 jannewaris 2019 (77 jier) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Sjonger, akteur, sjoernalist | |
jierren aktyf | 1959-2019 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
The Jumping Jewels
bewurkje seksjeYn 1959 foarme er mei in oatal skoalfreonen Johnny & His Jewels, letter omneamd yn The Jumping Jewels. Dy groep, formearre nei it foarbyld fan de rocker Cliff Richard, skoarde yn 1961 in nûmer-ienhit mei Wheels en hie dêrnei oant 1965 noch in protte súkses yn Nederlân.
Solo
bewurkje seksjeYn dat jier gie Van Leeuwarden by de groep wei om as Nederlânsktalige solosjonger fierder te gean. Dat smiet him fuortendaliks de grutte hit Sophietje op, it Sweedske nûmer Fröken Fräken fan Thore Skogman op in Nederlânske tekst fan Gerrit den Braber en opdroegen oan syn freondinne en sakepartner Sophie van Kleef. It jier dêrnei skoarde er mei Tjingeling wer in hit en iepene er mei Van Kleef in kleanboetyk mei de namme Sophie en Johnny. Dy saak bestie oant sy yn 1969 út elkoar giene.
Nei Tjingeling slagge it him net en helje nochris in wiere hit. Wol krige er in fêst arranzjemint by it Sirkus Boltini, tegearre mei Rob de Nijs. Yn lettere jierren liet Lion út en troch as sjonger fan him hearre, ûnder mear mei de single Alleen in Dallas, dy't in beskieden hit waard, en mei it titelliet fan de film Brandende Liefde út 1983. Op dy platen brûkte er de namme John Lion.
Sjoernalistyk
bewurkje seksjeVan Leeuwarden bleau nei syn sjongkarriêre wurkjen by Sirkus Boltini, no as perssjef. Letter skreau er ek kollums foar it wykblêd Panorama en makke yn 1995 foar dat blêd yn 'e mande mei Govert de Roos de rige In bed met Johnny Lion. Ek hat er as sjoernalist foar ferskate tydskriften en kranten wurke, en wie er ûnder oare tsien jier (2001-2011) haadredakteur fan it SENA Performers Magazine.
Film
bewurkje seksjeJohnny Lion hat ek akteur west yn de spylfilms Liefdesbekentenissen (1967), Siberia (1988) en yn Van God Los (2003).
De ein
bewurkje seksjeVan Leeuwarden stoar yn de âldens fan 77 jier yn Breda. Hy wie al lange tiid siik en wie oanhelle mei longkanker en de Sykte fan Alzheimer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|