Joke Johannetta Hermsen (Middenmeer, 29 july 1961) is in Nederlânske skriuwster en filosofe.

Joke Hermsen (2020)

Hermsen studearre literatuer en filosofy yn Amsterdam en Parys. Yn 1993 promovearre hja oan de Universiteit Utert op in proefskrift oer Lou Andreas-Salomé, Belle van Zuylen en Ingeborg Bachmann. Ek die hja ûndersyk nei it gedachtegoed fan Hannah Arendt, Simone Weil en Emmanuel Levinas.

Yn 1998 debutearre Hermsen mei de roman Het dameoffer, folge troch de histoaryske roman Tweeduister (2001), dy't spilet yn it Ynterbellum en ûnder mear de libbens fan T.S. Eliot en Virginia Woolf as ûnderwerp hat. Dy roman waard ek yn it Dútsk oersetten, ûnder de titel: Die Gärten von Bloomsbury (2003). Har folgjende roman De profielschets (2004) is in satire op akademysk filosofyske fermiddens en betsjutte har trochbrek by in grutter lêzerspublyk. Neist romans, skriuwt Joke Hermsen ek essays oer keunst, literatuer en filosofy. Yn har essaybondel Heimwee naar de mens (2003) stiet ek it yn 1999 mei de Jan Hanlo Essaypriis bekroande essay. It boek kaam op de shortlist foar it bêste filosofyske boek fan it jier 2004.

Yn febrewaris 2008 ferskynde har roman De liefde dus, oer de 18e-iuwske skriuwster en filosofe Belle van Zuylen. Dy roman waard nominearre foar de longlist fan de Libris Literatuer Priis en bekroand mei de Halewijn-literatuerpriis fan de stêd Roermond 2008. Ein 2009 ferskynde har essaybondel Stil de tijd, in pleidoai foar in stadige takomst. Dit boek waard yn 2011 bekroand mei de Jan Hanlo Essaypriis. Yn 2010 ferskynde har essay Windstilte van de ziel. Yn 2012 folge troch har roman Blindgangers. Dêryn behannelet hja tema's as technostress, nihilisme en fjochtskiedings. Yn 2014 ferskynde de essaybondel Kairos. Een nieuwe bevlogenheid. Foar de Moanne fan de Filosofy yn 2017 sckreau hja it essay Melancholie in tijden van onrust.

Hermsen is neist skriuwster ek mentor by 'Kunstenaars & Co', bestjoerslid fan de 'Internationale Vereniging van Vrouwelijke Filosofen', kommisjelid fan Arti et Amicitiae en se wie mei-oprjochter fan MHT9, in tydlik poadium foar tentoanstellings en literêre foardrachten yn Amsterdam. Tegearre mei Jaap de Jonge makket hja dokumintêres oer literêr-filosofyske ûnderwerpen. De animaasjefilm Elke mening telt. Telt elke mening? waard bekroand mei de Martin van Amerongen Publykspriis 2008. De Jonge makke ek twa koarte dokumintêres oer De liefde dus, Stil de tijd en Blindgangers. Hermsen hâldt geregeldwei lêzings oer literatuer, filosofy en maatskiplike kwestjes.

Twû-eineksamen Nederlânsk

bewurkje seksje

Yn it sintraal eksamen fan it vwo waard yn 2012 de ynlieding fan Hermsen har boek Stil de tijd opnomd. Nei oanlieding fan in grut oantal klachten fan learlingen by it LAKS oer dy tekst ferklearre Hermsen by de NOS dat hja it net iens wie mei de antwurden op guon fragen dy't oer de tekst steld waarden.[1] Neffens har doogde ek in tal fragen net.

  • 2018 - Rivieren keren nooit terug; ISBN 978-9029505437
  • 2017 - Melancholie van de onrust, 'Lou Andreas-Salomé, Belle van Zuylen en Ingeborg Bachmann'; ISBN 9029523769
  • 2014 - Kairos, 'Een nieuwe bevlogenheid'; ISBN 902950501X
  • 2012 - Blindgangers; ISBN 9029578585
  • 2010 - Windstilte van de ziel; ISBN 9025961185
  • 2009 - Stil de tijd., pleidoai foar in stadige takomst; ISBN 9029571395 (Jan Hanlo Essaypriis 2011)
  • 2008 - Simone de Beauvoir : alles welbeschouwd; ISBN 9086870158
  • 2008 - De liefde dus, roman oer Belle van Zuylen; ISBN 9029565632 Bekroand mei de Halewijnpriis, literatuerpriis fan de stêd Roermond;
  • 2004 - De profielschets; ISBN 902952278X
  • 2003 - Heimwee naar de mens, essays oer keunst, literatuer en filosofy; ISBN 9029515538
  • 2001 - Tweeduister, roman oer de Ingelske keunstnersgroep Bloomsbury; ISBN 9029521953
  • 1999 - Unheimlich mooi, 'Over (ge)weldadige kunst (Armando, Dumas, Heidegger)' ISBN 9042907819 (Jan Hanlo Essaypriis 1999)
  • 1999 - The Judge & the Spectator 'Hannah Arendt's Political Philosophy' ISBN 9042907819
  • 1998 - Het dameoffer; ISBN 9029520973
  • 1997 - Het denken van de ander, 'Proeve van een vrouwelijke ideeëngeschiedenis'; ISBN 9039106770
  • 1993 - Nomadisch narcisme, 'Sekse, liefde en kunst in het werk van'; ISBN 9039105596
  • 1991 - Nu eens dwaas dan weer wijs, 'Belle van Zuylen tussen Verlichting en Romantiek'; ISBN 9060128567

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: