Jonas Dassler (berne op 22 maart 1996 yn Remscheid-Lennep, Noardryn-Westfalen) is in Dútsk akteur.

Jonas Dassler
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne 22 maart 1996
berteplak Remscheid (Noardryn-Westfalen)
prizen Bayerischer Filmpreis (2017)
European Shooting Star Award (2020)

Jonas Dassler waard berne yn 1996 yn Remscheid. Oan it Ernst-Moritz-Arndt-Gymnasium yn Remscheid foege er him sûnt de achtste klas by de teätergroep. Nei syn eksamen yn 2014 folge er in oplieding ta akteur oan de hegeskoalle Ernst Busch yn Berlyn.

Yn itselde jier krige Dassler in earste filmrol yn 'Uns Geht Es Gut' fan de filmregisseur Henri Steinmetz. Dêrnei krige er de haadrol yn 'LOMO: The Language of Many Others' (2017) fan Julia Langhof. Fierder hied er rollen yn 'Das schweigende Klassenzimmer' (2018) fan Lars Kraume en 'Werk ohne Autor' (2018) fan Florian Henckel von Donnersmarck. Foar LOMO en Das schweigende Klassenzimmer krige Dassler yn 2018 de 'Bayerischer Filmpreis' foar de bêste debutant.[1]

Dassler spile yn 2016 op it toaniel oan it Lehniner Platz. Sûnt it seizoen 2017-2018 is Dassler in fêste lid fan it ensemble fan it Berlynske Maxim Gorki Teäter.

Yn de yn 2019 útbrochte film 'Der Goldene Handschuh' fan Fatih Akin spilet er de haadrol as de searjemoardner Fritz Honka.

De 'European Film Promotion' sette Jonas Dassler yn jannewaris 2020 op de list fan de tsien 'European Shooting Stars'.[2]

  • 2015: Uns geht es gut
  • 2017: LOMO – The Language of Many Others
  • 2017: Das schweigende Klassenzimmer
  • 2018: Werk ohne Autor
  • 2018: Die Protokollantin (TV-minisearje)
  • 2019: Der goldene Handschuh

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: