Jonker Pyt en Sibbel

Jonker Pyt en Sibbel is in gedicht (foarôfgien troch twa byhearrende alineä's proaza) fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1822, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Jonker Pyt en Sibbel is neitiid ek op muzyk set en in folksferske wurden, dat yn 1930 opnommen waard yn it Frysk Lieteboek (as nû. 43) en yn 1947 yn 'e trêde printinge stie fan Fryslân Sjongt (nû. 60).

Jonker Pyt en Sibbel
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk, Nederlânsk, Frânsk
foarm gedicht
1e publikaasje 1822, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)

It gedicht docht it ferhaal, sa't yn 'e proazatekst útlein wurdt, fan 'e Fryske jongfaam Sibbel, dy't op 'e leane by it slot Pyt, de soan 'e jonker, tsjinkomt. Dyselde is krekt werom út Frankryk, dêr't er 'Frânske manearen' oanleard hat, dy't er no yn Fryslân yn 'e praktyk bringe wol. Hy stiet der sadwaande tige by Sibbel op oan om 'e leafde mei him te bedriuwen, Sibbel wol dêr neat fan witte om't se fersein is oan har feint Rommert, en slacht dêrom oan 'e ein fan it fers it oanbod fan in houlik mei de lofterhân (oftewol in morganatysk houlik) ôf.

Jonker Pyt en Sibbel
Jonker
Bonjour, mijn allerliefste kind!
Zeg, waarom vliegt gij zo gezwind?
Of kent gij dan de jonker niet,
Die voor een jaar het dorp verliet?
Ik heb gereisd in 't Franse land
Partout, partout, en homme galant:
Mais telle teinte, tels yeux jolis,
N'ont pas les belles de Paris.


Sibbel
Goenjûn, mynhear! Binn' jy dêr wer?
'k Bin wrammels blij dat ik it hear.
Ik rûn wat gysten troch de lean',
En woe sa nei de jister gean.
Mar jonker, nee! – ik koe jy net.
Ik tocht, jy wienen tier en fet;
Mar no binn' jo de klean sa rom;
Ek sprieken jy sa nuver krom.


Jonker
Morbleu, mon cœur, vous êtes niaise.
C'est des galanteries Françaises.
Kom, fop mij niet, mijn lieve zus!
Gij weigert toch geen welkomskus?
Amusons nous in deze laan,
En laat dat boerentuig maar staan.
Amusons nous, amusons nous!
Point d'amusements plus doux.


Sibbel
Ei fij, myn jonker! Fij myn freon!
Wat binn' jy rimpen, mâl en gleon.
Jy binne dochs in grytmans bern;
Fij! Lit my leaver mar betsjen.
Och nee! – Kom, fuort! It wurdt te bot.
Rin nei jins fammen op it slot.
Ik nim myn amers en myn jok:
Wy haww' it no mar tige drok.
Jonker
Ma foi! Vous êtes plus difficile
Que les laitières de la ville.
Ei! Laat mij maar eens met u gaan,
En kijk mij dan eens vriend'lijk aan.
Of meent gij dat ik u niet min?
O ja! Gij zijt mijn hart en zin.
Je lui ferai pourtant la cour;
Elle est trop belle voor een boer.


Sibbel
Ik hâld net fan de Frânske swier.
Och! Praat mar as ferline jier.
Sprek net tefolle fan jins hert:
Want siker, Sibbel leaut it net.
It streakjen, jonker, helpt jo net:
Ik haw myn sin op Rommert set.
Dy wrot dêr yn it roggefjild:
Dy haw ik leaver as jins jild.


Jonker
Ah, peste! Ah, quel trait mauvais!
Non, vive donc le goût Français!
Wel, meisje lief! Word tocht niet zot.
Die vent? Ik lach me nog kapot.
Gij zijt te vlug, gij zijt te schoon
Voor een zo lompe boerenzoon.
Je suis un cavalier galant.
Ik bied u aan mijn linkerhand.


Sibbel
Nin lofterhân, nin rjuchterhân
Fan sokken banjer fan it lân;
Mar earme Rommert, from en froed,
Dy't wangen hat as molk' en bloed.
Dêrom, o jonker Pyt, myn freon!
'k Wie leaver by de Frânskes bleaun.
De famkes fan it Fryske lân,
Dy hâlde fan de rjuchterhân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Fryslân Sjongt, Ljouwert, 1947 (Fryske Akademy), sûnder ISBN, s. 88-89.
  • Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert/Ljouwert, 1958 (A.J. Osinga Utjouwerij/R. van der Velde), sûnder ISBN, s. 18-20.
  • Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 11-12.