Josef Breuer
Josef Breuer (Wenen, 15 jannewaris 1842 - dêre, 20 juny 1925) wie in dokter, psycholooch en filosoof út Wenen en ien fan de grûnlizzers fan de psychoanalyse.
Yn 1869 publisearre er in ûndersyk nei de refleksmjittige wurking fan it sykheljen. Mei troch syn ûndersyk krige men mear ferstân fan it ferbân tusken de longen en it senuwstelsel.
De kasus fan Anna O. is tige bekend wurden. Sy hie te lijen fan hystery en Breuer behannele har troch har oer har ûnderfinings ferhelje te litten en sa efter deltwongen emoasjes en tinzen te kommen. Dit waard psychoanalyse neamd. Syn kollega Sigmund Freud naam de measte fan Breuers teoryen oer.
Breuer syn bekendste wurken binne: Über den psychischen Mechanismus hysterischer Phänomene (1893) en Studien über die Hysterie (1895) dat er tegearre mei Freud skreau.