Sir Joseph Paxton (Milton Bryant (Bedfordshire), 3 augustus 1803Sydenham, 8 juny 1865) wie in Britsk túnman en arsjitekt fan it Crystal Palace. Hy wie letter ek parlemintslid.

Joseph Paxton, 1860

Hy ûntwurp it Crystal Palace yn Londen foar de earste wrâldtentoanstelling fan 1851 yn it Hyde Park. Yn it Crystal Palace liet Paxton de mooglikheden fan prefabrisearre bou-eleminten fan glês en metaal, dêr't fluch mei boud wurde koe, sjen.

Fierders wie it ûntwerp fan de Mentmore Towers yn Buckinghamshire fan syn hân. It measte niget hie hy lykwols oan de oanlis fan tunen. Hy wie as túnman yn tsjinst fan William Cavendish, de 6e Hartoch fan Devonshire, dy't him stipe sadat er eksperimintearje koe mei planten en nije broeikassen. Paxton waard adviseur foar ferskate botanyske tunen en arboreta yn Ingelân. Tusken 1835 en 1839 organisearre er ferskate ekspedysjes foar it sykjen nei nije plantesoarten.

Yn 1831 publisearre Paxton yn it moanneblêd 'The Horticultural Register' en yn 1834 yn it 'Magazine of Botany'. Dêrnei folge yn 1840 it bûsboekje Botanical Dictionary, The Flower Garden yn 1850 en de Calendar of Gardening Operations.

  • John Antheony: Joseph Paxton: An Illustrated Life of Sir Joseph Paxton, 1803-1865, [«Lifelines»; 21], Shire Publications, Aylesbury 1973, ISBN 0-85263-208-8
  • George F. Chadwick: The Works of Sir Joseph Paxton. 1803-1865, Architectural Press, London 1961, ISBN 0-85139-721-2
  • Kate Colqohoun: A thing in disguise. The visionary life of Joseph Paxton, Fourth Estate, London 2003, ISBN 978-0-00-714354-2
  • Violet Markham: Paxton and the Bachelor Duke, Hodder & Stuoghton, 1935
  • John McKean: Crystal Palace. Joseph Paxton and Charles Fox, Phaidon Press, London 1994, ISBN 978-0-7148-2925-8
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Illustrationen aus dem Paxton's Magazine of Botany fan Wikimedia Commons.