Jouke Broer Schuil
Jouke Broer Schuil (Frjentsjer, 20 maart 1875 - Zandvoort, 24 oktober 1960) wie in Fryske berneboekeskriuwer, toanielskriuwer en toanielkritikus. Bekende wurken fan him binne De Katjangs en De AFC'ers.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie in soan fan komponist Martinus Schuil. Nei de hbs yn Harns giet Schuil it leger yn. Nei de Keninklike Militêre Akademy yn Breda wurdt Schuil offisier, earst yn Nederlânsk-Ynje en dêrnei yn Nederlân. Nei in oantal toanielstikken skreaun te hawwen beslút hy yn 1910 toanielresensint te wurden by it Haarlems Dagblad. Yn de Earste Wrâldoarloch wurdt er noch mobilisearre, mar yn 1917 jout hy syn funksje fan beropsoffisier op.
Hy wurdt troch syn famylje op it idee brocht om boeken skriuwen te gean en yn 1910 ferskynt syn earste jongesboek, Jan van Beek. Oant 1930 bliuwt Schuil skriuwen. Ek is er dan noch toanielresinsint, mar hjir hâldt er oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch mei op. J.B. Schuil ferstjert yn de âldens fan 85 jier yn 1960.
Bibliografy
bewurkje seksjeJongesboeken
bewurkje seksjeTitel | Jier | Yllustraasjes | Opmerkingen |
---|---|---|---|
Jan van Beek | 1910 (2e printinge: 1917) | Jan Sluyters | De yllustraasje mei de nammen fan it 'Drievingerenverbond' is troch Schuil sels ûntwurpen; de yllustrators hawwe de namme 'Demosthenes' kennelijk by fersin weilittehn |
De Katjangs | 1912 (2e printinge: 1915) | O. Geerling | |
De AFC'ers | 1915 (2e printinge: 1916) | O. Geerling | |
De Artapappa's | 1920 (2e printinge: 1920) | O. Geerling | |
Rob en de stroper van Tjot-Idi | 1928 (2e printinge: 1932) | Henri Pieck | Sûnt de 3e printinge is de titel 'Rob en de stroper van Tjot-Idi', dêrfoar hiet it 'Doodverklaard' |
Hoe de Katjangs op de kostschool van Buikie kwamen | 1930 (2e printinge: 1936) | Titus Leeser | Yn dit boek moetsje de haadpersoanen fan trije eardere boeken elkoar: Jan van Beek, De Katjangs en De AFC'ers. |
Oar wurk
bewurkje seksjeTitel | Jier | Opmerkingen |
---|---|---|
Strijd | 1894 | |
Mesalliance | 1906 | |
Een gelovige | 1906 | |
Fatsoen | 1909 | |
Gelukkig getrouwd | 1916 | Ienakter |
Chaîne Anglaise | 1916 | Ienakter |
Dodenrit | 1919 | Ienakter |
Intermezzo | 1920 | Ienakter |
De Zedelijkheidsdictator | 1920 | |
De voetbalmaniakken | 1920 |
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Jouke Broer Schuil yn de DBNL mei ûnder mear de folsleine tekst fan in tal fan syn boeken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|